Swimme yn De Leien by De Rottefalle kin no wer

De Leien © Omrop Fryslân, Rob Dijkstra
It negative swimadvys foar it swimbad by De Leien by De Rottefalle is opheft. It ferbod waard ferline wike ynsteld om't der te folle baktearjes yn it wetter sieten. Swimmers kinne dêr sûnensklachten troch krije. By it swimplak wiene oranje buorden delset om besikers te warskôgjen. Dy binne no fuorthelle.
De baktearjes sitte benammen yn de fûgelstront. Om it probleem oan te pakken soene minder fûgels yn it gebiet sitte moatte, bygelyks troch yn oare gebieten fûgelplakken te meitsjen.