Plysje fynt himpkwekerij yn hûs fan oerfallen Ljouwerter

(argyffoto) © Anton Kappers
In 41-jierrige bewenner fan de Sontdwersstrjitte is sneintenacht troch twa manlju oerfallen. De oerfal hat nei alle gedachten te krijen mei in himpkwekerij dy't yn it hûs ûnderbrocht wie. De oerfallers bedrigen de bewenner en naaiden dêrnei út.
De 41-jierrige bewenner en de 35-jierrige eigener fan it hûs binne oanhâlden. De plysje hat ek in 32-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy is mooglik by de oerfal belutsen. By syn hûs is de auto oantroffen dy't by de oerfal brûkt is. De auto is yn beslach naam. De kwekerij op yllegale stroom is ûntromme.