Froukje Osinga wint mei Jonge Jasper de twadde IFKS-race

15 aug 2016 - 15:58
  • De Jonge Jasper wint by Starum
  • De silerij by Stavoren fan moandei

De Jonge Jasper hat moandei by Starum de twadde wedstriid om it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen wûn. Skipper Froukje Osinga lei lange tiid fier op kop en se kaam ek as earste oer finish. Twadde waard de Zes Gebroeders en tredde Grutte Pier. Sneon op de earste dei waard Froukje Osinga twadde.

De oaren finishten sa: 4. Striidber, 5. It Swarte Wif, 6. Wylde Wytse, 7. It Doarp Eastermar, 8. Eelkje II, 9. Drie Gebroeders, 10. Lytse Lies, 11. Ut en Thús, 12. Raerder Roek, 13. Emanuel, 14 Op Hoop van Zegen, 15. Jonge Rein, 16. De Eenvoud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)