FIDEO: Opera Spangea komt dit jier mei Macbeth
Foar de 27e kear is Spangea dit jier it dekôr fan in opera. Woansdei giet Macbeth yn premjêre. De Italiaanske komponist Verdi bewurke de 17e-ieuske trageedzje fan Shakespeare ta in opera. De premjêre fan Macbeth, no woansdei, is útferkocht. Foar de oare sân foarstellings binne noch kaarten te krijen. Omrop Fryslân wie by de generale repetysje.