Snitser pakt foar stellerij

06 maaie 2012 - 12:31

Yn Ljouwert is sneon in man (44) út Snits oanhâlden fanwege stellerij en heling. In tsjûge hie sjoen dat de man oer in doar fan in steech klom en belle de plysje. Op grûn fan in sinjalemint koe dy de Snitser eefkes letter oanhâlde. In oare tsjûge hie sjoen dat de man in hântas ôflevere hie by in hûs oan de Emmakade. It is net dúdlik wat der yn dat taske siet. De fertochte is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)