Ljouwerter wol boek Theun de Vries ferfilmje

15 aug 2016 - 15:21

Filmmakker Fedde Hoekstra fan Ljouwert is fan doel it boek Het Zondagsbed fan Theun de Vries te ferfilmjen. Hy hat de rjochten al om de roman fan de skriuwer út Feanwâlden op it wite doek te krijen. De film sil opnaam wurde yn Fryslân.

Op dit stuit draait Hoekstra syn nijste film Tour de Force op it San Diego International Kids-flmfestival. De fertoaning fan de koarte film yn de Amerikaanske stêd betsjut de ynternasjonale premjêre foar de Ljouwerter filmmakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)