Minne swimresultaten yn Rio ha negatyf effekt op leden KNZB

15 aug 2016 - 14:30

De Nederlânske swimploech hellet yn Rio gjin medaljes en dat pakt min út foar de swimferieningen yn Fryslân. Dy hiene hope dat goeie prestaasjes yn Rio it ledetal wer wat omheech bringe soe. Al in oantal jierren rint de belangstelling foar swimmen yn ferieningsferbân werom, ûnder oare omdat der minder bern binne, mar ek omdat bern faak net mear ferplichte swimles krije fia skoalle en der hieltyd minder swimbaden oerbliuwe.

Neffens foarsitter Yme Waterlander fan it swimbûn yn it noarden besiket it KNZB wol om mear swimmers oan te lûken. "Potentieel zijn er miljoenen zwemmers, alleen in georganiseerd verband is dat veel minder. Om daar wat aan te doen probeert de KNZB ongebonden zwemmers aan zich te binden door allerlei trainingsprogramma's aan te bieden. Dan ben je niet lid van een vereniging maar maak je wel kennis met de sport", sa seit Waterlander.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)