Yninting kninen tsjin deadlik firus goedkeaper foar leden

15 aug 2016 - 12:44

Kninehâldersferieningen yn Fryslân binne der yn slagge om goeie priisôfspraken te meitsjen mei bistedokters út de provinsje om harren kninen goedkeaper ynintsje te litten. Dit wie nedich troch de komst fan de nije besmetlike kninesykte RHD-2, sa seit Wilma Bosch fan kninehâldersferiening KLF út Bakkefean.

Kninen kinne troch de sykte yn in pear oeren samar dea gean. It faksin tsjin de sykte kostet foar partikulieren sa'n 15 euro, mar is foar leden fan knineferieningen tenei noch mar 3,50 euro.

Yninting ferplichte by shows

Kninefokkers binne ferplichte om harren kninen ynintsje te litten as sy meidwaan wolle oan knineshows. Sûnder de nije priisôfspraken soe dit foar guon fokkers fierstente djoer wurde, om't sy faak wol tsientallen kninen hawwe. Dêrmei kamen ek de knineshows yn 'e knipe, sa seit Bosch.

Der binne yntusken al sa'n 350 kninen yninte by de feriening út Bakkefean. Ek by oare Fryske ferieningen binne der al 700 kninen yninte tsjin de sykte. Yn it hiele lân binne al tûzenen kninen dea gien troch it RHD-2-firus dat dit jier oerwaaid is út Frankryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)