"Skjinmakaksje Noardseestrannen soe faker moatte"

15 aug 2016 - 12:04

De organisaasje achter de skjinmakaksje fan de Noardseestrannen soe graach faker yn aksje komme, mar sjocht dêr organisatoarysk gjin mooglikheden ta. De ôfrûne twa wiken makken frijwilligers de Noardseestrannen skjin, ûnder oare ek dy fan de Fryske Waadeilannen. 

Neffens de organisaasje fan de Beach Cleanup Tour is it oantal frijwilligers gjin probleem, mar slagget it net om faker as ien kear yn it jier sa'n grutte skjinmakaksje op poaten te setten.

Dit jier waard der goed 19.000 kilo smoargens ophelle, sa'n 8.000 kilo mear as ferline jier. It ôffal waard ynsammele troch sa'n 2.000 frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)