Graafmasines yn wetter by Gryn lekke gjin oalje

15 aug 2016 - 11:50
  • Twa graafmasinen sitte fêst by Gryn

De twa graafmasines dy't sûnt ferline wike by it eilantsje Gryn yn it wetter stean, hawwe net foar fersmoarging soarge. Neffens Natuurmonumenten is der gjin oalje út de masines lekt. Ien fan de masines kaam fêst te setten, doe't er in oare masine helpe woe dy't pipen foar it ferfier fan sân oanlei. Doel is dat beide masines de komende dagen fuort helle wurde.

Ek in tal oare saken gie ferline wike mis op Gryn. Sa soarge de hurde wyn der foar dat in transport fan materiaal net trochgean koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)