Drachtster mei ôfhakte fingers noch yn it sikehûs

15 aug 2016 - 11:32

De man dy't dit wykein yn Drachten ferwûne rekke troch in slach mei in mes, is in 33-jierrige ynwenner fan dat plak. De man waard troch in 28-jierrige doarpsgenoat ferwûne by in rûzje. Wat de oanlieding foar dy rûzje wie, is noch net bekend.

Dit wykein melde de plysje op Twitter dat it slachtoffer meardere fingers mist. Yntusken is dúdlik dat de Drachtster noch hieltyd yn it sikehûs leit en mooglik ien of twa fingers kwyt rekket. Ek de doarpsgenoat rekke ferwûne, mar hy koe troch in dokter holpen wurde. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)