Man mei harddrugs pakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht op it Wilhelminaplein yn Ljouwert in man (21) út Damwâld oanhâlden om't er harddrugs by him hie. Personeel fan in kafee hie sjoen dat er oan it snuven wie. Hy naaide út, mar waard troch ien fan de meiwurkers achterfolge en op it Wilhelminaplein pakt. De plysje hat him meinaam nei it buro. De man hie in pûdsje mei nei alle gedachten kokaïne by him en fleske dêr't mooglik GHB ynsiet.