Frouljusteams ONT De Pein en VV Rottevalle bondelje krêften

15 aug 2016 - 07:12

De frouljusteams fan de fuotbalferienings ONT fan De Pein en VV Rottevalle sille it kommende seizoen de krêften bondelje. De bestjoeren fan beide klups ha dit besletten yn gearwurking mei de froulju. De ploech fan De Rottefalle is te lyts om in folsleine besetting te ha en ONT hat te min fuotbalsters foar twa teams.

It gearwurkingsteam krijt de namme ST (samenwerkingsteam) ONT/Rottevalle en komt út yn de fjirde klasse. De trainingen en de thúswedstriden wurde ferdield oer de fjilden fan beide klups.

De beide bestjoeren binne wiis mei dizze oplossing. "Wij hoeven onze dames niet los te laten en kunnen ze op deze manier het voetbalplezier blijven bieden", sa seit foarsitter Anton de Jong van VV Rottevalle. ONT-foarsitter Jeen Visser merkt op: “Deze vorm van samenwerking past uitstekend binnen de strategie, visie en aanpak van ONT. Voor ons als bestuur telt vooral dat wij het optimale willen bereiken voor en mét onze leden. Onze dames zijn daarom ook nauw betrokken geweest bij het tot stand komen van de samenwerking.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)