Pieter-Jan Postma hat wûnder nedich om medalje te heljen

14 aug 2016 - 22:01

Pieter-Jan Postma sakket yn it klassemint yn de Finn-klasse fuort nei in sânde plak en is dêrtroch sa goed as kânsleas foar it heljen fan in medalje. Yn de tsiende race waard de siler út Ljouwert 16e. En dat wylst hy healweis de race noch sechsde wie. It gat mei de Kroaat Ivan Kljakovic Gaspic is no 15 punten, sadwaande wurdt it foar Postma hiel dreech.

Fjouwer jier lyn rûn Postma op de Spelen yn Londen in medalje krekt mis, hy waard doe fjirde.

UPDATE: Postma is letter noch diskwalifisearre yn race 10. Dêrtroch is in medalje allinnich teoretysk noch mooglik.
Tuskenstân nei 10 fan de 11 races:

1 GBR SCOTT Giles
32
2 SLO ZBOGAR Vasilij
56
3 CRO KLJAKOVIC GASPIC Ivan
69
4 USA PAINE Caleb
74
5 SWE SALMINEN Max
74
6 BRA ZARIF Jorge
81
9 NED POSTMA Pieter-Jan
87

Tiisdei is noch de medalrace en telle de punten dûbel.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)