Brûnzen medalje fier fuort foar Pieter-Jan Postma

14 aug 2016 - 20:40

In brûnzen medalje is fier fuort foar siler Pieter-Jan Postma. Yn de njoggende race sette hy syn minste útslach oant no ta del. Postma waard 19e. It gat mei de nûmer trije wie seis punten en is no oprûn nei 12 punten. De nûmer trije is lykwols wol feroare. Dat wie de Australiër Jake Lilley, mar dy waard 23e en lêste. De Kroaat Ivan Kljakovic Gaspic is no tredde, trochdat dy twadde waard yn race njoggen.

Letter hjoed folget noch race tsien. Tiisdei is dan noch de medalrace en telle de punten dûbel.

Tuskenstân nei 9 races (fan de 11):

1 GBR SCOTT Giles
30
2 SLO ZBOGAR Vasilij
48
3 CRO KLJAKOVIC GASPIC Ivan
56
4 NED POSTMA Pieter-Jan
68

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)