Goed 19 ton ôffal fan strannen helle

14 aug 2016 - 19:53

Der is goed 19 ton ôffal fan de Noardseestrannen helle by de Beach Cleanup-aksje. Op 1 augustus waard op Skiermûntseach en yn it Siuwske Cadzand úteinset mei it sammeljen fan ôffal op de Nederlânske strannen lâns de Noardseekust. Sa'n 2.300 frijwilligers hawwe de ôfrûne twa wiken meiholpen mei de skjinmakaksje, dy't snein ôfsletten waard. De 19 ton ôffal is in stik mear as de 11 ton ôffal dy't foarich jier fan de strannen helle waard.

Net mear ôffal

Dat der dit jier mear ôffal fûn is, wol net sizze dat der in taname is fan ôffal yn de Noardsee. "We hebben tijdens de Beach Cleanup Tour 2016 meer afval opgehaald dan een jaar geleden. Dit is een momentopname die afhankelijk is van onder meer de weersomstandiheden", sa seit Floris van Hest, direkteur fan Stichting De Noordzee. Ut ûndersyk docht bliken dat de mannichte ôffal gelyk bleaun is.

WC-bril, kowehûd, BH en brúnfisk

Der waard de ôfrûne twa wiken in soad ôffal fûn út de maritime sektor, mar ek opfallende fynsten, sa as in wc-bril, in kowehûd, in BH en in folwoeksen brúnfisk. "De tour heeft zichtbaar gemaakt dat er heel veel afval in zee zwerft dat daar niet thuis hoort", seit Van Hest.

Trefwurden: 
Beach Cleanup Tour strân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)