Stjerrebylden pronkje yn glês-yn-leadruten Clemenstsjerke

15 aug 2016 - 06:01
  • It ynterieur fan de fernijde Sint Clemenstsjerke op It Amelân
  • Stjerrebylden yn it glês-yn-leadrút fan de fernijde Sint Clemenstsjerke

Opfallende glês-yn-leadruten binne sneon yn it prysterkoar fan de Sint Clemenstsjerke op It Amelân pleatst. Trije jier nei de brân binne no ek de wurksumheden oan it ynterieur úteinset. Yn de trije ruten, dy't ien gehiel foarmje, binne de ingels Rafaël, Michaël en Gabriël te sjen. Boppe harren stean tolve stjerrestelsels. De ingels sweve boppe de ierdbol, mei dêryn It Amelân en de oare Waadeilannen yn it middelste rút. "De engelen zijn de verbintenis tussen de hemel en aarde", seit restaurateur en skilder Randolph Algera fan It Hearrenfean.

Unike tsjerke

Algera waard fuort nei de brân frege om de monumintale tsjerke út 1878 fan arsjitekt Pierre Cuypers wer yn âlde steat werom te bringen. Hy kaam mei in oar plan: in totaalkonsept foar in nije tsjerke yn stee fan it weropbouwen fan in monumintale tsjerke. "Het is uniek wat hier op Ameland gebeurt. Ik denk dat het in de afgelopen honderd jaar niet is gebeurd dat iemand een totaalplan, van vloer tot gewelf, mag uitdenken en uitvoeren."

It Amelân as tema

Algera hat de skilderingen yn it plafond boppe it prysterkoar restaurearre. "Dit is in de brand bewaard gebleven. We hebben de schilderingen geconserveerd, maar ze niet helemaal hersteld. Het is een aandenken aan de grote brand." Troch de hele tsjerke stiet It Amelân sintraal. "In totaal zijn er dertig glas-in-loodramen die geplaatst zullen worden. Daarin is het thema Eb & Vloed verwerkt. De heiligen staan straks afgebeeld in een landschap van duinen en zee met dieren en planten die op Ameland voorkomen."

It plafond fan de tsjerke is yn njoggen kleuren blau ferve. Foar it prysterkoar is al in blauwe fjoerfûgel skildere, fergulde mei blêdgoud. "De vuurvogel is een verwijzing naar de brand, maar staat in deze kerk natuurlijk ook symbool voor Christus. De vuurvogel is onderdeel van de triomfboog die later geplaatst zal worden." De tsjerke moat rûn maart 2017 hielendal klear wêze.

Dútske toeristen

De tsjerke is ek belangryk foar de Dútske katolike toeristen. Alle simmers komme sa'n 10.000 Dútsers nei It Amelân dy't ek de eucharistyfiering meimeitsje. Pastoar Karsten Weidisch fersoarget dy simmers 6 wiken lang yn de Dútske taal. Dat bart no yn in seal fan akkommodaasje Klein Vaarwater yn Buren op it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)