Springhynder Zirocco Blue wol net springe yn Rio

14 aug 2016 - 17:32
  • Jur Vrieling op Zirocco

Zirocco Blue, it Fryske springhynder fan Olympiër Jur Vrieling, hat sneintemiddei yn de earste kwalifikaasjeronde fan de springwedstriid oant twa kear ta wegere. De hynst woe net oer de obstakels. Hjirtroch is kânshawwer op earemetaal Jur Vrieling út Grinslân al útskeakele yn de yndividuele springwedstriid.

Zirocco Blue komt út de stâl fan Wiepke van de Lageweg fan Bears.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)