Populariteit fan wettersport SUP nimt eksplosyf ta

14 aug 2016 - 14:31

De populariteit fan de wettersport SUP nimt eksplosyf ta. SUP Skool Ljouwert hat dit jier bygelyks 50 prosint mear klanten as ferline jier. SUP is peddeljen op in surfplanke en stiet foar 'stand up paddling'. Belangstellenden binne ûnder oaren skoalbern, it bedriuwslibben en studinten. Neffens Tineke Merkus fan de SUP Skool is it sa leuk om te dwaan, omdat it bûten yn de natuer is, lekker aktyf en krijst der echt in fakânsjegefoel fan.

Alle jierren wurdt yn septimber de 11-stêdetocht ôflein troch SUP-pers. Se ha it dan leaver oer SUPtimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)