Sliepende man mei mes oanhâlden yn Ljouwert

14 aug 2016 - 13:44

In 54-jierrige man út Almere is sneontejûn oanhâlden yn de Prins Hendrikstrjitte yn Ljouwert. Neffens in melding dy't de plysje krige, lei de man te sliepen foar in winkel en soe er in mes by him ha. Doe't de plysje oankaam by de winkel, woe de man syn identiteitsbewiis net sjen litte. Dêrop waard er fûillearre en fûn de plysje in grut kokensmes.

De man krige proses-ferbaal. Wêrom't er foar de winkel lei te sliepen en in mes by him hie, is net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)