Skylger plysje slingeret dôfhûdige snorfytser op 'e bon

14 aug 2016 - 12:17

De plysje fan Skylge hat sneontenacht by Hee in dôfhûdige snorfytser op 'e bon slingere. It die bliken dat de snorfyts fan de 18-jierrige ynwenner fan Vlissingen fierstente hurd gong. Ferline wike waard de man dêr ek al foar oanhâlden op it eilân. Hy mocht doe net mear op syn snorfyts ride en moast him earst wer keure litte by RDW. Dit hie er net dien.

De man krige proses-ferbaal en in lêste warskôging. Wurdt er noch in kear betrape, dan nimt de plysje de snorfyts yn beslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)