Jierlikse Ynjebetinking moandei op It Hearrenfean

14 aug 2016 - 11:19

Op It Hearrenfean wurdt moandeitejûn de jierlikse Ynjebetinking hâlden. Der wurdt dan stilstien bij de Japanske kapitulaasje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1980 is 15 augustus fêststeld as nasjonale betinkingsdei.

By de betinking op It Hearrenfean is spesjaal oandacht foar de fiif manlju út It Fean dy't yn de oarloch yn Nederlânsk-Ynje sneuvele binne as militêr. Har nammen steane yn de tinkstien yn it plantsoen oan it Gashâldersplein, dêr't de betinking ek hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)