Twadde dei Into the Grave ferrint rêstich

© Omrop Fryslân, Maarten Bruining
De twadde dei fan it metalfestival Into The Grave by de Aldehou yn Ljouwert is sneon rêstich ferrûn. Freed krige de organisaasje fan de gemeente Ljouwert in twangsom oplein foar oertrêding fan de lûdsnoarm nei in soad klachten oer lûdsoerlêst. Dêr wie headliner Slayer ferantwurdlik foar.
Sneon soe der better op letten wurde dat it oantal desibel binnen de perken bleau en dat is slagge. Der wiene hast gjin klachten op de social media.
De organisaasje kundige sneon oan dat der foar takom jier ek al in grutte namme út de metalwrâld boekt is. Dan sil de Sweedske deathmetalband Arch Enemy spylje. Into the Grave is takom jier ek wer twa dagen: op 11 en 12 augustus.