Drankrydster sûnder rydbewiis opnij oanhâlden

Autoride ûnder ynfloed
De plysje hat sneontenacht in 45-jierrige automobiliste út Drachten oanhâlden foar it riden mei drank op. Dat barde op de Kaden yn Drachten. De frou moast mei nei it plysjeburo foar in bloedproef. Dêr die bliken dat der op 4 augustus ek al in bloedproef ôfnaam wie by har en dat de plysje doe it rydbewiis ôfpakt hie.