ME bêdet fuotbalfans del

06 maaie 2012 - 08:43

De oanwêzichheid fan de ME yn it sintrum fan Ljouwert hat sneontejûn foarkaam dat in treffen tusken supporters fan Cambuur en Feyenoord út de hân rûn. De ME wie paraat fanwege it Befrijingsfestival en de fuotbalwedstryd Cambuur-MVV. Beide groepen supporters troffen elkoar op it Ruterskertier, mar de mobile ienheid koe de saak delbêdzje. Der is net ien oanhâlden.

Neffens de plysje is it Befrijingsfestival yn Ljouwert sneon fierder ek goed ferrûn. It wie minder drok as oare jierren en de sfear wie goed. Ek hjir binne gjin minsken oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)