Marit Bouwmeester op koers foar goud en wis fan medalje

13 aug 2016 - 21:08

Marit Bouwmeester stiet mei noch ien race te gean earste en is al wis fan in medalje. Bouwmeester einige op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro yn de lêste en tsiende race as twadde. De Deenske Anne-Marie Rindom waard tredde. De Ierske Murphy waard sânde. De iennige konkurrinten foar goud binne no noch Murphy en Rindom. De Belgyske van Acker is fjirde en kin Bouwmeester net mear ynhelje.

Moandei is de lêste race, de saneamde medalrace. De punten telle dan dûbel. Allinnich de top 10 docht mei oan de medalrace.

1. Marit Bouwmeester: 47
2. Anne-Marie Rindom Denemarken: 55 punten
3. Annelise Murpyhy Ierlân: 57 punten
4. Evi van Acker België: 66 punten.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)