Munysje fûn yn natuergebiet Skylge

13 aug 2016 - 20:55

Troch waar en wyn leit der in protte munysje bleat op it eardere sjitterrein fan it ministearje fan definsje op Skylge. Dêrfoar warskôget de plysje fan it Waadeilân op Twitter. It sjitterrein leit yn natuergebiet Noordsvaarder oan de westkust fan Skylge.

De munysje foarmet gjin direkt gefaar. Minsken dy't de munysje lizzen sjogge, wurde lykwols frege dizze net oan te reitsjen of te ferpleatsen. De plysje hâldt deistich tafersjoch by it natuergebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)