Postma wint 8e race en hat poadium wer yn sicht

13 aug 2016 - 20:29
  • Pieter-Jan Postma

Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat him goed hersteld yn Rio. De Finnsiler wûn sneon de achtste race en hat it poadium fan it einklassemint wer yn sicht. Postma gie goed fan start en naam by de twadde boei de lieding. Dy kopposysje koe er fêsthâlde oant de finish.

Postma stiet no 4e op 53 punten, mei seis punten efterstân op de nûmer trije, de Australiër Jake Lilley. Op nûmer ien stiet de Brit Giles Scott (22 punten) en de nûmer twa is Vasilij Zbogar út Slovenië (38 punten).

Earder op sneon waard Postma noch teloarstellend 14e.

Snein wurde de 9e en 10e race syld. Moandei folget dan in rêstdei en tiisdei is de medalrace.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)