Konkoers hippyk Burgum giet net troch

It konkoers hippyk fan Burgum giet dit jier net troch. It gerskonkoers soe op 19 en 20 augustus hâlden wurde, mar kin fanwegen in tekoart oan ynskriuwingen net trochgean.
It bestjoer fan it konkoers seit it tige spitich te finen dat it evenemint skrast is en sil him de kommende tiid beriede op de takomst. It hie it 32e konkoers hippyk fan Burgum wurden moatten.