Pieter-Jan Postma sakket fuort yn klassemint

13 aug 2016 - 19:19

Finnsiler Pieter-Jan Postma is op de Olympyske Spelen fuortsakke nei it njoggende plak yn it algemien klassemint. De Terkappelster waard 14e yn de sânde race. Postma begûn goed oan de wedstriid en lei healwei op it fjirde plak. Yn it slot fan de race sakke er lykwols fuort.

De wedstriid waard wûn troch de Britske klassemintslieder Giles Scott, dy't syn posysje dêrmei ferstevige. Postma hat no in efterstân fan 33 punten op Scott. Letter op sneon wurdt ek de achtste fan de yn totaal alve wedstriden syld.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)