Marit Bouwmeester op koers foar goud

13 aug 2016 - 18:44

Marit Bouwmeester leit op koers foar in gouden medalje. Bouwmeester waard yn race njoggen 5e. Se moast fan fier komme, mar knokte har nei foaren ta. Se bleau de Ierske Murphy, de nûmer trije yn it klassemint, mar ien plak foar. De koprinner, de Deenske Rindom, waard mar leafst 22e en hie dêrtroch in hiel soad punten mear as Bouwmeester. De sylster út Warten moat sneon noch ien race en moandei is der noch de medaljerace.

Tuskenstân nei 9 fan de 11 wedstriden:

1 BOUWMEESTER: 6 4 (14) 4 1 6 6 13 5 Totaal: 45 (59)
2 MURPHY: 1 13 4 7 5 2 (17) 12 6 Totaal: 50 (67)
3 RINDOM: 5 8 (38) 3 3 1 4 6 6 22 Totaal: 52 (90)
4 TENKANEN: 4 (16) 8.6 2 14 3 13 8 2 Totaal: 52.6 (70.6)

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)