Bart Helmholt: Dit wie myn lêste Frysk kampioenskip

13 aug 2016 - 18:31
  • Bart Helmholt

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum hat sneon foar it lêst oan it Frysk kampioenskip meidien. Dat makke er bekend op dat Fryske kampioenskip yn Winsum. Helmholt hat yn syn karriêre by de senioaren sân kear Frysk kampioen west. Twa kear wûn er bij de junioaren.

Helmholt waard sneon twadde by it FK mei in sprong fan 20.03, achter Oane Galama fan Wiuwert dy't 21.08 ljepte.

Seis kear kampioen fan Nederlân

Bart Helmholt waard yn syn lange karriêre ek noch seis kear kampioen fan Nederlân. Dat die er yn 2003 (Linschoten), 2006 (Drylts), 2007 (Vlist), 2008 (Burgum), 2009 (Jaarsveld) en 2011 (Linschoten). De hast 34-jierrige ljepper pakte yn 2006 foar de earste kear it Nederlânsk rekôr. Yn Linschoten (Hollân) ljepte er 19.48.

Rekôr nei rekôr

Dat rekôr waard ferbettere troch de konkurrinten, mar benammen troch Helmholt sels. Yn itselde jier 2006 sprong Helmholt yn Winsum foar it earst oer de 20 meter: 20.12. Yn 2009 op it NK yn Jaarsveld waard de 21 meter grins trochbrutsen. Doe't der digitaal neimetten waard kaam der 21.01 op it boerd. Sûnt dat rekôr wie it allinne Helmholt dy't syn eigen fierste ôfstân ferbettere. Nei 21.26 yn Burgum (2010) waard it yn 2011 yn Linschoten 21.51. Yn 2014 mei de twakamp yn Linschoten kaam der wer fjouwer sintimeter by. Op 6 july fan dit jier ljepte Bart Helmholt op It Heidenskip 21.64. Dat is no it wrâld-, Nederlânsk- en Frysk rekôr by de senioaren.

Seizoen goed ôfmeitsje

Bart Helmholt hat der nocht oan om it seizoen goed ôf te meitsjen. Oer fjirtjin dagen is it NK op de barten fan Grypstsjerk, in akkommodaasje dy't him leit. En de nasjonale kompetysje is de útsetter fan it seizoen mei wedstriden op It Heidenskip, yn Linschoten, Vlist en syn eigen Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)