Oane Galama wint FK fierljeppen

13 aug 2016 - 16:49
  • De kampioenen

Oane Galama fan Wiuwert hat foar it twadde jier op rige it FK fierljeppen yn Winsum wûn. Hy ljepte nei 21.08. Sânfâldich Frysk kampioen Bart Helmholt helle it net. Hy waard twadde yn 20.03. It tredde plak wie foar Nard Brandsma mei 20.02.

By de froulju wûn Marrit van der Wal mei 15.32. Sy is de earste winner fan de nije wikselpriis foar froulju, dy't sûnt dit jier ferjûn wurdt oan de frou dy't it fierste springt. Twad waard Akke Talsma mei 15.10 en tredde Klaske Nauta mei 14.87.

By de junioaren gie titel op yndrukwekkende wize nei Jan Teade Nauta fan Drylts. Hy sprong 18.88. Hy fersloech yn de finale Freark Kramer (17.58) en Bobby Zwaagman (17.28).

De winst by de jonges gie nei Hessel Haanstra fan Warkum mei 16.31. Yn de finale wie hy te sterk foar Jarich Wijnstra (15.73) en Wietse Nauta (15.33).

Sigrid Bokma fan Hylpen is de winner wurden by de famkes mei 14.72. Twadde waard Bente Vlas mei 13.77 en tredde Fardau van Akker mei 13.74.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)