De Striidber winner fan earste wedstriid IFKS

Nei in tige spannend slot is it skûtsje Striidber fan skipper Siebo Zijsling winner wurden fan de earste IFKS-wedstriid. Op it wetter by Hylpen gie de Jonge Jasper fan skipper Froukje Osinga oan de lieding, mar moast de winst úteinlik litte oan it Dryltser skûtsje Striidber.
"Helemaal super"
Skipper Siebo Zijsling is tige bliid mei de oerwinning, foaral nei de spannende finish. "Dit is helemaal super. It is net de earste de bêste dy't wy hjir pakke", seit Zijsling oer de striid mei de nûmer twa Froukje Osinga fan it skûtsje Jonge Jasper.
Osinga is net teloarsteld oer de útslach fan de wedstriid. "Wy binne hiel wiis mei it twadde plak, dêr hie ik fan tefoaren ek foar tekene", sa sei se nei de ôfrin.
De folsleine útslach:
1. Striidber
2. Jonge Jasper
3. It Swarte Wief
4. De Zes Gebroeders
5. Grutte Pier
6. Wylde Wytse
7. Lytse Lies
8. Drie Gebroeders
9. It Doarp Eastermar
10. Emanuel
11. Eelkje II
12. Ut en Thús
13. Raerder Roek
14. Jonge Rein
15. Hoop op Zegen
16. De Eenvoud
Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.