Graafmasines fêst yn de Waadsee by Gryn

By wurksumheden fan in opknapbeurt foar it fûgeleilân Gryn yn de Waadsee binne twa graafmasines fêst komme te sitten yn de Waadsee. Se stean sawat hielendal ûnder wetter by floed. Ien fan de masines wie op it lytse eilân tusken Skylge en Flylân dwaande liedingen oan te lizzen foar it transport fan sân en kaam dêrby fêst te sitten. Dêrop waard in twadde masine ynskeakele en dy kaam ek fêst te sitten.
Maatregels
Der binne troch Rykswettersteat maatregels naam sadat der gjin skealike stoffen yn it wetter komme kinne. Der wurdt noch neitocht oer in oplossing om de graafmasines derút te krijen.