Yldau winner Liet 2012

05 maaie 2012 - 21:58

De band Yldau is mei it nûmer Fjoer winner wurden fan Liet 2012. De band krige yn de finale fan it Fryske sjongfestival de measte punten fan de faksjuery. Op it twadde plak einige Klif mei it nûmer As de leafde winkt. De publykspriis gong nei Sjaak Weiland mei syn nûmer Earste Leafde.

Om mear publyk te lûken wie de finale keppele oan it Befrijingsfestival yn Ljouwert. Dy opset liket slagge. Yn de Prinsetún kamen hûnderten minsken ôf op de optredens. De winner docht yn desimber mei oan Liet Ynternasjonaal yn it Spaanske Gijón.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)