Into the Grave krijt twangsom oplein foar lûdsoerlêst

13 aug 2016 - 14:21
  • Marrigt van der Valk

By metalfestival Into The Grave op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert moat de folumeknop omleech. Oars krijt de organisaasje in fikse boete fan de gemeente. Der kamen freed mear klachten oer lûdsoerlêst binnen as oare jierren. De Amerikaanske band Slayer wie hjir de feroarsaker fan.

Organisator Paul van Berlo fan Into The Grave fûn ek wol dat it hurd wie, mar seit dat de se by in band as Slayer net safolle yn te bringen hawwe. De gemeente Ljouwert is skrokken fan alle klachten en hat dêrom in twangsom oplein.

Ferantwurdlik wethâlder Isabelle Diks is dúdlik nei de organisaasje ta. "Ik heb een forse dwangsom opgelegd: bij een eerste overschrijding 10.000 euro, bij een tweede 25.000 euro." Organisator Van Berlo hopet dat er dy net hoecht te beteljen. Neffens him soe dat de ein fan Into the Grave betsjutte.

Into The Grave is snein noch oant jûns healwei tolven mei optredens fan ûnder oare Exodus en Kreator.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)