Ynjemonumint yn Ljouwerter Rengerspark folslein fernield

13 aug 2016 - 12:26
  • It Ynjemonumint doe't it byld noch yntakt wie

It byld fan de jonge soldaat by it Ynjemonumint yn it Rengerspark yn Ljouwert is freedtenacht totaal fernield. It is sa swier skansearre dat it net mear makke wurde kin neffens foarsitter Gerard van Klaveren fan de stichting Indiëmonument Fryslân.

Buertbewenners ha om fjouwer oere hinne nachts lawaai heard. De stichting giet út fan fandalisme. Yn 2005 is it monumint ek al ris fernield, mar doe koe it wol wer opknapt wurde. Dit jier wie it byld noch hielendal restaurearre.

Ekstra pynlik is dat ein augustus de jierlikse Ynjebetinking yn it Rengerspark is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)