Dief stelt broadsjes en woarst út Ljouwerter winkel

13 aug 2016 - 10:37

In 52-jierrige Ljouwerter is freedtemiddei troch de plysje oanhâlden foar stellerij fan ûnder oare broadsjes en woarst út in winkel op de Nijstêd yn Ljouwert. Nei in oprop fia de sosjale media koe de fertochte oanhâlden wurde op de Nieuweweg. De Ljouwerter waard ek noch socht foar fjouwer oare saken fan stellerij út winkels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)