Kollum: "FF Boeren"

15 aug 2016 - 08:21
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ik ha al in pear kear in kollum skreaun oer al dy regels dêr’t boeren oan foldwaan moatte. De Weidecoach wist noch, de nûmerplaten foar op de trekker en de kealtsjes dy’t har hiele libben by de memmeko bliuwe moatte. Idioate regels, meastentiids betocht troch politisy yn Den Haach, dy’t sels noch nea in ko fan tichteby sjoen ha.

Mar ek de gewoane boarger kin somtiden flink op de boeren ôfjaan. Wêrom jakkerje se mei moai simmerwaar noch oant twa oere ’s nachts mei dy grutte trekkers troch de Buorren? Wêrom is de tsiis sa djoer? En wêrom moat dat jarjen altyd sa stjonke as ik krekt de skjinne wask op ‘e line ha?

Om antwurd te jaan op dy fragen organisearren in pear entûsjaste boeren yn Nijemardum ôfrûne wike in boerelunch. ‘FF Boeren’ krige it as namme. Efkes buorkje dus, sa’t boeren dat altyd graach dwaan meie as se by in kollega op besite binne. Mar yn dit gefal waard der dus efkes buorke mei gewoane boargers dy’t útnûge waarden foar de lunch. Mear as 250 minsken joegen har op en sieten kreas om tolve oere yn it foerpaad klear foar it middeisiten. Ald, jong, buorman of toerist, elkenien wie fan herte wolkom.

Om it dekôr de juste sfear te jaan, hie famylje Bekedam, by wa’t we te gast wiene, de kij op stâl stean litten. Troch it foerhek, noch gjin oardel meter fan ús itersboard ôf, stiene de swart-wite froulju kalm fan har kuil te fretten. Sa no en dan moasten wy der efkes om tinke as der toilletteert waard. Want dat spatteret aldermachtichst dy kowepoep. En dy waarme brune spatters fleane boppedat alle kanten op. Mar ik moat sizze: ik ha noch noait sa lekker luncht as yn dy stâl yn Nijemardum.

Njonken lekker iten waarden de gasten ek traktearre op ynformaasje oer it boerelibben. Ferskate boeren kuieren troch de stâl en skoden hjir en dêr oan om fragen te beäntwurdzjen. Wêrom’t de kij net bûten rûnen. Wat dy nuvere sifers op ‘e kont betsjutten. En fansels oft de bolle ek tusken de kij yn de stâl omrûn. Kalm en mei in grutte smile op it gesicht joegen de boeren antwurd op de fragen.

Undertusken heisteren de bern yn fleurige overaltsjes mei har allen yn it kuil om. Eltse ko krige mei leafde in toppe fretten troch it foerhek treaun. Ek sûkerbôle en brea gong der as waarme broadsjes yn, ûntdutsen de bern. “Sjoch mem, hy mei sels bakt aai”, hearde ik in jonkje roppen, wylst er ferbjustere nei syn lege boardsje seach. Der gong in wrâld foar him iepen.

En dat wie no krekt it doel fan dizze lunch. It is in moai foarbyld fan hoe’t boeren har ynsette om de konsumint sjen te litten hoe’t alles op in boerepleats wurket. En dêr wie folop ynteresse foar. De gasten koekeloerden nijsgjirrich yn it molklokaal dêr’t harren molke dan krekt opslein waard. En ek de stâl mei kealtsjes dy’t hearlik yn it giele strie leine, die it goed. Sa sneu wie dat noch net iens, konkludearre in frou foar my.

Ik tink dan ek dat sa’n lunch in goed begjin is om de basis te lizzen foar mear begryp. Yn elts gefal hawwe de 250 minsken dy’t ôfrûne wike te iten wiene, no in better byld fan wat in boer krekt docht. No de politisy dêr yn Den Haach noch. Miskien kin dat de folgjende lunchedysje wurde. Dy 150 Twadde Keamerleden moatte mei gemak yn it foerpaad passe. En nei it iten fansels ek efkes de hannen út de mouwen stekke.

Ik sjoch de taakferdieling al foar my. Minister Melanie Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu dy't it fuorjen foar har rekken nimt op de trekker, méi nûmerboerd fansels. Steatssekretaris Martijn van Dam dy’t de pealtsjes bûten ferset om’t er sa folle doel hat oer kij yn de greide. Henk Kamp dy’t by de biofergister advys jout oer gaswinning. En Marianne Thieme mei de hiele dei kealleboarne. Meitsje wy der spesjaal foar har FF Voeren fan."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)