Kollum: "Sielich"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Suver hurd gie it mei de auto. Oars moatte je hjir yn Fryslân altyd stadich op dy lytse dykjes fanwegen de fytsers. Mar dy wiene der no net. Want it reinde. En dan skine sels elektryske fytsen it net mear te dwaan.
Se hiene wol komme kinnen want foar de winkel stiet in rychje fytsstanders. Singelier, fytsstanders wurde yn Fryslân nea brûkt as fytsstander. We bin leau ’k gjin rychje minsken. Elkenien klapt de fyts altyd tsjin de winkel oan. It iennichste dêr’t se foar brûkt wurde is dat se der in hûntsje oan fêstbine. Want hûntsjes meie de winkel net yn. Tongersdei siet der ek sa’n hûntsje. It ras wie my ûndúdlik, it like wol as der tsien reuen gear west hiene oer it teefke. Wat oerbleau wie sa’n lyts oanhinklik kefhûntsje, twa klompen grut. Mar hy of sy kefte no net. Yn de winkel wie ’t smoardrok om't it reinde. En doe’t ik bûten kaam, siet hy der noch. Komselden, echt selden ha’k ik hûntsjes sa tryst sitten sjoen. Fêstbûn oan in fytsstander is al net moai. Mar sa ferskriklik wiet. Echt sielich.
Efkes fierder soene fiif minsken te silen, seach ik. Spul wat droech bliuwe moast, krekt as beurzen en kondooms, dat siet allegear moai yn de grutte plestik sylpot, dy’t se meisjouden. Mar se hiene safolle reinklean oan dat se oan dy kondooms net takomme soene. Se rûnen net iens hastich. Wierskynlik in sylboatsje hierd, net op tiid wer ôfsein. No moasten se wol. Sile yn Fryslân, al reinde it as de see. Komselden sa’n tryst ploechje minsken sjoen, mei safolle ûnnocht oer in freeslik wiete dei op in lege mar. Like tryst as it hûntsje.
Efkes fierder draaiden de kij har ek om. Se stutsen it skytgat yn de rein. Koe it moai wat skjinspiele. Se hiene gjin inkelde fidúsje mear yn in sprankje sinne. Of waarmte. De radio hie it juster noch oer dat dizze simmer in hiele waarmen wie om't it nachts sa waarm west hie. No, de nacht hjirfoar hie’t sawat ferzen. En donderen alle rekôrs wer yn de reinwetterbak. Ien ko skarrele mei de sturt del nei de telefoan. Hy belle de boer en sei: we wolle dy sint foar elke mingel molke dy'tsto no fan de Campina krijst sels wol betelje, as we mar gewoan nei de stâl werom meie en net yn dizze wiete tryste greide te pronk stean moatte foar lju dy’t dochs net lânskomme.
Telefoantsje. Immen wurket yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Kom net, we ha ’t smoarende drok. Musea dêr gean je simmers dochs net hinne? Mar der rinne op 't heden allegear ferdwaalde minsken yn reinjassen en ûnder paraplu's yn Fryslân om, en dy ha alle kroegen no wol in kear bedronken. Dy gean út ellinde mar nei in museum.
It wie it iennichste fleurige lûd. Op de rotonde tusken Wikel en Sondel stean in stik as wat, no ja, wol sa’n tsien grutte buorden mei oanplakbiljetten. In wûnder dat it mei, dat se dy dingen dêr delhingje, ik tink dat efter de hage in man wennet dy’t dy grûn hat en wol wat sinten brûke kin. It stiet raar. En no dripten se ek noch fan it reinwetter dat ik moast trije kear de rotonde omride om te sjen wat der op stie. It bin allegear entûsjaste oproppen om nei eveneminten yn Fryslân ta te kommen. Alles moast noch barre. Ik soe hjir of dêr wol hinne wolle, mar as it dit waar is, kom ik der net. It Is sneu foar de lju dy’t it allegear organisearje, mar sa wurdt it neat fansels.
Want doe kaam ik by it skûtsjesilen. Op 'e Lemmer. Dêr ha se in Sudersee fol wetter en dêr wiene de skûtsjes op oan it knokken. Douwe waard al kampioen. Mar der wie net ien dy’t it seach, want doe begûn it pas echt te reinen. In see fan reinwetter dus ek noch, de skûtsjes wiene net iens mear te sjen. En Douwe wuifde nei in lege dyk.
Gau werom nei de auto. Ik kaam in man tsjin. Hy dielde my noch by de Omrop yn. Dus hy seach my lytsachtsjend oan. En sei doe: neam it mar hjerstmis yn Fryslân."