Ljouwerter mishannele en fan fyts berôve troch razende man

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige ynwenner fan Ljouwert is freedtenacht op de Harnzerstrjitwei yn syn wenplak mishannele en berôve fan syn fyts troch in ûnbekende man. Hy fytste om trije oere hinne rjochting it Europaplein, doe't der in oare fytser oankaam dy't tsjin him begûn te razen en efter him oankaam.
De razer ried de Ljouwerter foarby en smiet syn fyts del. Dêrnei triuwde er him yn 'e boskjes en begûn er te slaan en te skoppen. It slachtoffer koe ûntsnappe en rûn fuort. Doe't er letter syn fyts ophelje woe, wiene de gewelddiedige man en de fyts fuort.
De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.