Soad klachten oer lûdsoerlêst festival Into The Grave

© Omrop Fryslân, Maarten Bruining
Der is freedtejûn yn Ljouwert in soad klage oer lûdsoerlêst troch it metalfestival Into The Grave. Guon omwenners fan it Aldehoustertsjerkhôf, dêr't it twadeisk festival hâlden wurdt, fûnen dat de muzyk fierstente lûd stie. Ek minsken yn de wiken om it sintrum hinne klagen op Twitter oer de oerlêst.
De gemeente Ljouwert hat freedtejûn noch oerlein mei de organisaasje om it folume sneon nei ûnderen te krijen. Ek ropt de gemeente ynwenners op om pas moandei te beljen oer de lûdsoerlêst.
In oantal fan de tweets oer de lûdsoerlêst: