Fallende stjerren te sjen boppe Fryslân

Der wienen freedtejûn wer in soad fallende stjerren te sjen boppe Fryslân. It giet om de saneamde Perseïden. De stjerrewacht yn Burgum organisearre in spesjale jûn foar belangstellenden om nei de fallende stjerren te sjen. De opkomst wie goed, mei sa'n 25 minsken. Troch it heldere waar wiene de stjerren mei it bleate each goed te sjen.
De Perseïden soene ôfstamme fan it stjerrebyld Perseus. Yn de moanne augustus botst de ierde op de dieltsjes fan in komeet dy't yn 1862 lâns de ierde kaam. Dizze dieltsjes neame wy fallende stjerren. Se wienen freedtejûn it bêste te sjen.