Cambuur pakt yn blessueretiid punt tsjin Jong PSV

12 aug 2016 - 21:58

SC Cambuur hat yn de thúswedstriid tsjin Jong PSV yn de Jupiler League op it lêste momint in punt pakt. Yn it Cambuurstadion waard it 1-1. De ploech fan trainer Rob Maas wie yn 'e earste helte noch fierwei de bêste. Nei rêst sakke Cambuur yn, mei as resultaat in doelpunt foar Jong PSV yn de 60ste minút. De Ljouwerters besochten nei de ein ta druk te setten, mar it slagge hieltyd net te skoaren. Yn 'e 91ste minút rêde Erik Bakker it punt foar SC Cambuur troch út in frije traap de 1-1 binnen te sjitten.

Takom wike spilet Cambuur in útwedstriid tsjin FC Dordrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)