Gelykspul SC Hearrenfean tsjin FC Utrecht

SC Hearrenfean hat freedtejûn mei goed fuotbal gelykspile tsjin FC Utrecht. Yn it Abe Lenstrastadion waard it 2-2 foar de ploech fan trainer Jurgen Streppel. Slagveer soarge yn de 12e minút foar it earste doelpunt: 1-0. De wedstriid kantele lykwols yn de 31e minút. FC Utrecht krige in strafskop en Haller skeat de 1-1 binnen. Binnen fjouwer minuten stie ek de 2-1 foar Utrecht op it skoareboerd nei in treffer fan Ramselaar.
Reza makke yn de leuke twadde helte gelyk foar Hearrenfean en dy 2-2 wie ek de einstân fan de wedstriid.
It is it twadde gelykspul foar de Feansters. Ferline wike waard tsjin AZ ek 2-2 spile.