Bouwmeester stiigt nei twadde plak yn it klassemint

12 aug 2016 - 20:36

Marit Bouwmeester is op de Olympyske Spelen wer in plakje opskood yn it algemien klassemint fan de Laser Radial klasse. De Wartenster helle yn de sânde race it 6e plak en gie dêrtroch fan it 2e plak nei it 3e plak yn it klassemint. Konkurrinte Annalise Murphy út Ierlân, dy't earste stie yn it klassemint, waard 18e. Se sakke dêrtroch yn nei it tredde plak.

Boppe-oan stiet no de Deenske Anne-Marie Rindom. Sy waard fjirde en profitearre fan de misser fan Murphy. Se hat in foarsprong fan trije punten op Bouwmeester en acht punten op Murphy. De Olympysk kampioen fan 2012, Lijia Xu, waard njoggende en stiet no njoggen punten achter op Bouwmeester. Freedtejûn wurdt ek noch de achtste race syld.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)