Fierljepfroulju krije tenei ek wikselpriis by it FK Winsum

12 aug 2016 - 20:16

Der is dit jier foar it earst in wikselpriis foar de froulju by it Frysk kampioenskip fierljeppen. Manlju hawwe de sulveren pols foar de man dy't it fierste ljept, mar by de froulju wie der oant no ta noch gjin wikselpriis. No dus wol. De priis is makke troch glêskeunstneres Monique Verbruggen fan Kûbaard.

De nije priis hat noch gjin namme, mar inisjatyfnimmer Johanneke Liemburg, boargemaster fan de gemeente Littenseradiel, tinkt dat der fan de mienskip út gau foarstellen komme foar in moaie namme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)