Ferwûne by auto-ûngelok Boazum

05 maaie 2012 - 18:12

By Boazum is sneontemiddei in persoan ferwûne rekke by in auto-ûngelok. Op de Froonackerdyk wiene twa auto's op inoar botst. Plysje, ambulânse en de brânwacht kamen op it ûngelok ôf. De ferwûne persoan is nei it sikehûs yn Snits brocht.

Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch ûnbekend. Oer de aard fan de ferwûnings is ek noch neat bekend.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne Boazum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)