Ynwenners Weststellingwerf leverje snoeisel taksusplant yn

12 aug 2016 - 18:13
  • Taksus

Ynwenners fan Weststellingwerf kinne noch oant de ein fan dizze moanne it snoeisel fan har taksusplant ynleverje by it ôffalstasjon. Se stypje dêrmei de stichting Vergroot de Hoop. Want it snoeisel wurdt brûkt as grûnstof foar gemoterapyen. It sit allinne yn de nije, jonge leaten fan de takushage en it moat sa suver mooglik wêze.

Weststellingwerf die ferline jier ek al mei oan it ynsammeljen fan it snoeisel fan de taksus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)